| 
 
 | 
				 
 Strijd tegen de Blauwalg.
 Om de doorstroming van het water in de Groene Ster te 
				bevorderen, heeft de Gemeente Leeuwarden een verbindingsbuis 
				aangelegd tussen de grote zwemplas en de honden uitlaatplaats. 
				Door het hoogte verschil tussen de beide plassen van ongeveer 1 
				meter, ontstaat een natuurlijke stroming.
 
 Komende dagen wordt er warm zomerweer voorspeld, met weinig 
				wind; ideale omstandigheden voor de vorming van blauwalg. Het 
				zal nu moeten blijken of deze maatregelen voldoende zijn.
 
 De FNP heeft aan het College van burgemeesters en wethouders de 
				onderstaande vragen gesteld, betreffende de blauwalg in de 
				Groene Ster:
 
 (tekst: persbericht FNP Leeuwarden)
 
 FNP: Gemeente laks by oanpak blau-alch.
 
 Troch blau-alch kinne geregeld tûzenen Ljouwerters net swimme yn 
				de Griene Stjer. De tredde simmer op rige bedjert it 
				irritearjende plantsje de wetterwille foar minsk en bist. 
				Eardere tasizzings ha gjin oplossing brocht. De FNP wol dat de 
				gemeente Ljouwert hjir en no mei ôfdwaande maatregels komt. ‘De 
				Blauwe Diamant’ kin him yn it heechseizoen gjin ûnfeilich 
				swimwetter permittearje, seker net yn it wichtichste mar tagelyk 
				gefoelige rekreaasjegebiet.
 
 Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei Pier Tilma, 
				058 – 2169285 of 06-55708393.
 
 Hjirûnder steane de fragen yntegraal opnommen:
 
 
 Oan it Kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert
 
 Ljouwert, 24 july 2007
 
 Oangeande: fragen yn it ramt fan kêst 41, lid 1 fan it reglemint 
				fan oarder oer de resinte konstatearring fan blau-alch yn it 
				swimwetter fan de Griene Stjer
 
 Rju achte Kolleezje,
 
 Nei oanlieding fan ferskate artikels yn de Ljouwerter krante oer 
				it op ‘e nij foarkommen fan blau-alch yn de Griene Stjer hat de 
				FNP-fraksje in tal fragen dêr’t wy graach antwurd op hawwe wolle. 
				It is in fêst weromkommend simmerfenomeen wurden mei yngripende 
				beheining fan it gebrûk fan it rekreaasjegebied. Dat krekt yn in 
				tiid dat dêr hiel folle ferlet fan is (neffens it statistysk 
				jierboek fan de gemeente Ljouwert giet sawat 60-70% fan alle 
				Ljouwerters simmerdeis wolris ien of mear kearen nei de Griene 
				Stjer). Foar de FNP is de blau-alch in griene ûnsuverens is yn 
				ús Blauwe Diamant
 
 It foarkommen fan blau-alch is fan ynsidint ta in struktureel 
				probleem wurden.
 
 Troch de klimaatsferoaring stekt de blau-alch net mear by 
				útsûndering de kop op mar is it in fêst simmerferskynsel wurden 
				mei yngripende konsekwinsjes foar minsk en bist. De Griene Stjer 
				yn it bysûnder liket in risikogebiet te wêzen foar dizze 
				ûntjouwing. Yn Fryslân is de blau-alch yn 2007 oant no ta 
				allinnich dêr konstatearre. Dit no strukturele probleem raast 
				dêrom om in oplossing. De FNP-fraksje fynt dat alle mooglike 
				maatregels naam wurde moatte sadat blau-alch yn ús yntinsyf 
				brûkt rekreaasjegebiet yn de takomst net mear foarkomme kin.
 
 De stêd Ljouwert as Blauwe Diamant kin him gjin blau-alch 
				permittearje.
 
 Kosten noch muoite wurde sparre om Ljouwert del te setten as in 
				wetterstêd. De blau-alch yn de Griene Stjer is dêrmei net 
				allinnich in lêst foar minsk en bist mar jout ek imagoskea oan 
				de stêd. De FNP-Ljouwert fynt dat de Blauwe Diamant him soks net 
				permittearje kin en alles yn it wurk setten wurde moat om de 
				oproppen ferwachting wier te meitsjen.
 
 Hat it Kolleezje it probleem blau-alch ûnderskat of lit sy de 
				saak blau blau?
 
 It is net de earste kear dat de FNP fraksje dit ûnderwerp op it 
				aljemint bringt. 22 maart 2006 ha wy fragen steld yn ‘e Kommisje. 
				1 juni datselde jier hat it kolleezje de rie ûndersyk tasein. Us 
				is dúdlik wurden dat trochstreaming fan wetter in oplossing wêze 
				kin. Wy binne no in jier fierder en freegje it Kolleezje of it 
				ûndersyk ek risseltaat oplevere hat en of der ek ôfdwaande 
				maatregels naam wurde sille sadat de blau-alch ús allegearre net 
				mear jûkje sil.
 
 De fragen op in rygje:
 
 Is it Kolleezje it mei ús iens dat de blau-alch fan in 
				ynsidinteel foarkommen in struktureel probleem wurden is en dat 
				dêr benammen yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer in ôfdwaande 
				oplossing foar komme moat?
 Fynt it Kolleezje ek dat de blau-alch Ljouwert as Blauwe Diamant 
				imageskea jout?
 Hat it Kolleezje it probleem skerp en is it foarnimmens aksje te 
				ûndernimmen?
 
 Wy gean der fan út dat it Kolleezje ús fragen binnen de dêrfoar 
				jildende termyn fan 30 dagen skriftlik beäntwurdet.
 
 Mei rju achtinge,
 
 Pier Tilma
 
 FNP-fraksje
 
 
 
 
  
 18-04 2007: Aan de westzijde van de Groene Ster wordt een 
				verbindingsbuis aangelegd tussen de grote zwemplas en de honden 
				uitlaatplaats
 
 
 
 |